Op ien fan de moaiste teaterlokaasjes fan Fryslan, It Wilhelminapark yn Grou, wurdt fan’t simmer it teaterstik “Freerk Siekmans fisker en fûgelflapper” opfierd. Oer it libben fan ien fan de markantste en tagelyk nuveraardigste Grousters út de foarige ieuw. In ‘natoerman” mei in grut hert. De legendaryske ferhalen oer it libben fan Freerk Siekmans wurde yn augustus ta libben brocht. Bytiden oandwaanlik en gauris noch och sa aktueel. Dêrfoar wurdt it Wilhelminapark omtsjoend ta it mysterieus domein wêryn Siekmans jaget en fisket om de holle boppe wetter te hâlden.
Reizgje û.l.f. regisseuze Klaasje Postma werom yn de tiid, nei de Burdskop oan de Ie. Nei in wrâld sûnder gas, wetter en elektrysk en belibje hoe’t it wie om sa tichtebý en fán de natoer te libjen.
De premiêre is op freedtejûn 23 augustus. De foarstellings binne op 23,24,25,30, 31 augustus en 1 september.